PvdA bliuwt grutste yn Fryslân

13 sep 2012 - 03:45

De PvdA bliuwt de grutste partij yn Fryslân. De partij helle hjir 33% fan de stimmen, tsjin 19,8% foar de VVD. Beide partijen wûnen krekt as lanlik ek yn Fryslân flink.

De PVV, it CDA en GrienLinks binne ek yn Fryslân de grutte ferliezers. It CDA giet fan 18,1% nei 13,8%. De PVV giet fan 11,3% nei 7,3%. GrienLinks helle yn 2010 noch 6,2% fan de stimmen yn Fryslân, no is dat 1,7%. De SP leveret ek yn yn Fryslân, fan 11,5% nei 9,5%.

It opkomstpersintaazje wie omtrint gelyk oan twa jier lyn: doe wie it 77,1%, no 77,0%.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)