PVV: "Sa min net ferwachte"

12 sep 2012 - 23:44

De Fryske PVV hie net ferwachte dat de partij sa bot ferlieze soe bij de Twadde Keamerferkiezings. Fraksjefoarsitter Van der Galiën fan de PVV yn provinsjale steaten hie wol rekken hâlden mei minder sitten, mar net mei sa'n soad minder.

Van der Galiën wyt it ferlies oan it feit dat der strideraasje yn syn partij west hat, wêrtroch't in tal keamerleden opstapte. Fierder tinkt er dat in soad eardere PVV-stimmers no út strategyske oerwagings op de VVD stimd ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)