Earste útslach: Skiermûntseach

12 sep 2012 - 21:49

Skiermûntseach is de earste gemeente yn Nederlân dy't de útslach fan de ferkiezings dêr bekend meitsje koe. Dat wie om 21.36 oere.

De PvdA helle de measte stimmen, 30,9%. De VVD waard de twadde partij, mei 22,3%. Opfallend is de stiging fan de SGP. De partij gie op Skiermûntseaach fan 0,4% nei 5,8% fan de stimmen. De opkomst wie 148,1%. Dat hege persintaazje komt trochdat der in soad net-eilanners har stim útbrocht ha op Skiermûntseach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)