Mooglik natuerpriis H'fean

12 sep 2012 - 18:58

De gemeente Hearrenfean is ien fan de tolve gemeenten dy't nominearre is foar de Juichwilg trofee. Dy priis is in inisjatyf fan ûnder oaren Lânskipsbehear Nederlân en wurdt útrikt oan in gemeente dy't him op in bysûndere wize ynset hat foar lânskip, kultuerhistoarje of bûtenplakken. In faksjuery makket de úteinlike kar.

Neist de trofee krijt de winnende gemeente ek in finansjele bydrage fan fiiftûzen euro foar in projekt op it mêd fan kultuerhistoarje. Op 4 oktober wurdt dúdlik oft Hearrenfean de priis wûn hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)