Boargemaster bliid mei diken

Boargemaster Yorick Haan fan Flylân is bliid mei it foarnimmen fan it ryk om in grutter part fan it eilânmei in dyk te beskermjen tsjin de see. Steatssiktaris Joop Atsma hat de boargemaster witte litten dat de seediken fierder nei de see ferlein wurde sille.
Ek de nijbouwyk op Flylân, de rekreaasjewenten yn de dunen en camping Stortemelk wurde dan better beskerme. It earste wdat Rykswettersteat docht is de dyk om it bedriuweterrein fierder ôfmeitsje.