Westra hopet op poadiumplak

11 sep 2012 - 21:26

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje hopet yn de buert fan it poadium te einigjen by it WK-tiidriden yn Valkenburg, takom wike woansdei. Westra waard tiisdei tegearre mei Wilco Kelderman fan de Rabobankploech troch bûnscoach Leo van Vliet selektearre foar de yndividuele tiidrit oer goed 45 kilometer. As tarieding op de WK yndividuele tiidrit komt Westra snein yn aksje by it WK ploegetiidrit, ek yn Valkenburg. Dat WK tiidriden foar ploegen is in nij ûnderdiel. Westra komt út foar syn ploech Vacansoleil-DCM.

Martijn Keizer, Marco Marcato, Gustav Erik Larsson, Tomasz Marczynski en Thomas de Gendt binne de ploechmaten fan Westra yn de ploegetiidrit op it WK.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)