Stimgedrach noch ûnbekend

11 sep 2012 - 17:12

Ien op de trije Friezen wit noch net op hokker partij se stimme sille. Dêrom besochten de Fryske politisy yn Den Haach foar de lêste kear om de Fryske stimmers oan harren te binen. Sa luts de PvdA-karavaan mei Keamerlid Lutz Jacobi tiisdei troch Harns, Dokkum en Ljouwert. Krekt har Fryske komôf moat foar Fryske kiezers de ôfstân nei Den Haach lytser meitsje.

De PvdA-kampanje liket fertuten te dwaan. Leafst 31% fan de kiezers yn Fryslân wol dat PvdA-listlûker Diederik Samsom de nije premier fan Nederlân wurdt.

Dat docht bliken út in opinypeiling fan Omrop Fryslân en Een Vandaag. Samsom skoart krekt wat better as VVD'er Rutte mei 27%. De Fryske listlûker Sybrand van Haersma Buma fan it CDA hat de foarkar fan 6%.

VVD-keamerlid Anne Wil Lucas flyerde tiisdei mei har kampanjeteam op 'e Sweach. Sy wurdt waarm noch kâld fan de lytse achterstân fan Rutte op Samsom yn Fryslân. It CDA-tandem fan Sander de Rouwe en Harry van der Molen liet him troch de minder geunstige peilings net wjerhâlde om tiisdei troch waar en wyn de polityk nei de Fryske âlderein te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)