Monissen yn lanlike taskforce

11 sep 2012 - 16:54

Der kin noch folle mear gearwurke wurde om bernemishanneling foar te kommen. Dat is ien fan de saken dy't Diana Monissen besiket oan te pakken. De bestjoersfoarsitter fan soarchfersekerder De Friesland yn Ljouwert is beneamd ta lid fan de lanlike Taskforce Kindermishandeling troch minister Opstelten en steatsekretaris Veldhuijzen.

De taskforce is ûntstien nei it rapport oer misbrûk fan bern yn de Roomske tsjerke. It rapport wie fan de kommisje Deetman. De taskforce moat derfoar soargje dat minder bern mishannele en misbrûkt wurde.

Yn de taskforce sit de eardere direkteur fan Jeugdzorg Friesland Sprokkereef ek. Der wurdt ûnder mear sjoen nei foarbylden fan hoe bernemishanneling it bêste oan te pakken. Fier Fryslân is dêr neffens Monissen in goed foarbyld fan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)