Parkoers FK treprinnen teste

It parkoers fan it FK treprinnen is tiisdei ferkend troch in groepke hurdrinners. Se hawwe 800 treden op en del west by it Abe Lenstrastadion en yn de trije gebouwen fan de Rabobank, Priore en Elkien. Sjonger Syb van der Ploeg wie ien fan de dielnimmers.
It iepen Frysk kampioenskip treprinnen is tagelyk mei in benefytfuotbalwedstriid fan de amateurs fan Foppe de Haan tsjin SC Hearrenfean. De opbringst en dy fan in oanslutende feestjûn mei tal fan Fryske artysten is foar it Foppe Fûns en foar Kika. De aktiviteiten binne op 17 oktober.
It Foppe Fûns stelt jild beskikber foar rolstuollen foar swier hendikepte bern. Dy moatte dan sels mei harren omjouwing ek besykje jild byinoar te swyljen.
De treprinners hawwe elk in chip yn de fiter dy't mjit hoe hurd oft se rinne. Der binne tûzen fiterchips. Ferspraat oer de dei kinne der twatûzen rinners meidwaan oan it iepen FK treprinnen.
It parkoers krúst in dyk. Der komt in tydlike militêre brêge sadat de rinners feilich oan de oare kant komme kinne.
De Kast spilet op de feestjûn op 17 oktober nûmers fan harren nijste, folslein Frysktalige cd. De feestjûn is yn it Abe Lenstrastadion. Anneke Douma en Griet Wiersma binne der ek by.