'150ste PC giet hinne'

30 jul 2003 - 00:00

'De 150ste PC giet hinne,' sa iepene PC-foarsitter Jan van der Mei woansdei om likernôch kertier foar tsienen it keatsbarren op it Sjûkelân yn Frjentsjer. By de iepeningsseremoanje smieten jonge keatsers blauwe en giele ballen mei de tekst "150 jier PC" yn it publyk. Ek foarmen se it getal 150.

Der wie in soad belangstelling fan de media, wêrûnder ek lanlike. De dei sette útein mei in soad rein. De taskôgers hiene har yn plestik ferpakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)