150.000 foar nijbou KNRM Amelân

14 sep 2006 - 21:38

De gemeenteried fan It Amelân giet akkoart mei it beskikber stellen fan in kredyt fan 150.000 euro foar de nijbou fan it boathûs fan de KNRM by Nes. Der wie noch wol krityk op de wize werop it kredyt ta stân kaam is.

Nei no bliken docht is der yn 2004 gjin beslút oer naam troch de ried. Boargemaster Albert de Hoop lit witte dat it jild fan de mienskip, de rinte fan sa'n 14.500 euro, foarlein wurde moatten hie oan de ried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)