15.000 kear stimd op nije namme foar fúzjegemeente

25 nov 2015 - 10:48
  • Wat wurdt it: Waadhoeke of Nij-Westergo?

Goed 15.000 ynwenners fan de gemeenten It Bilt, Frjentsjerteradiel, Littenseradiel en Menameradiel ha stimd op wat de nije gemeentenamme wurde moat fan de fúzjegemeente. De ynwenners koene oant en mei tiisdei kieze tusken Nij-Westergo of Waadhoeke. De útslach wurdt op 16 desimber yn Menaam presintearre yn de gearkomste fan de weryndielingskommisje. Dan wurdt ek de betinker fan de winnende namme bekendmakke.

Yn in eardere stimomloop foel de namme Franeker ôf. De namme mei de measte stimmen wurdt fan 2018 ôf de definitive gemeentenamme, want dan fusearje de fjouwer gemeenten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)