1500 riders toertocht Hylpen

16 jan 2010 - 16:38
  • De toertocht luts 1500 dielnimmers
  • Elk hie genôch romte op it rûntsje fan 10 kilometer

Sa'n 1500 riders ha meidien oan de toertocht by Hylpen. 900 fan har ha betelle. Neffens de organisaasje is it net foar te kommen dat minsken 'swart ride'. Foarsitter Kelderhuis fan de iisclub Hylpen is mear as tefreden oer it ferrin fan de tocht.

Ien reedrider rekke ûnderkuolle en in oar is mei in ferwûning oan de holle nei it sikehûs brocht. Om twa oere hat de organisaasje der in punt achter setten, troch it teiwaar wie riden kwalik mear mooglik op de Iselmar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)