1500 fans betinke Paul Walker

08 des 2013 - 08:41

Goed 1500 autoleafhawwers en fans hawwe sneontejûn op It Hearrenfean in betinkingsbyienkomst bywenne foar Paul Walker. De Amerikaanske akteur ferstoar koartlyn by in auto-ûngelok. Walker wie ien fan de populêrste akteurs út de 'The fast en de furious' strjitracefilms. Autoclub Fast Line wie ynearsten fan doel de byienkomst op it parkearterrein fan de McDonalds te hâlden, maar sjoen it grut tal oanmeldings op ynternet waard yn oerlis mei de gemeente en de plysje besletten it grutte parkearterrein op bedriuweterrein IBF te brûken.

Fierder wie ôfpraten dat besikers gjin stunts mei auto's dwaan mochten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)