1500 euro foar Serious Request

02 feb 2013 - 10:33
  • 3FM Serious Request

Freedtejûn hat de earste aksje foar Serious Request yn it ramt fan it Glêzen Hûs yn Ljouwert al sa'n 1500 euro opsmiten. De bruorren Anker feilden yn it CreaCafe yn de Blokhúspoarte in grut tal saken. It gie ûnder oare om in skilderij fan keunstner Rudi Stuve, in dekôrstik fan Acta Theater en in frijkaart en VIP-behanneling by de premjêre fan iepenlofspul 'De Oerfal'.

It doel is om dit jier alle moannen sa'n feiling te hâlden. Ein desimber stiet it Glêzen Hûs fan Serious Request yn it sintrum fan Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)