150 klachten oer Psy-Fi

02 sep 2014 - 12:44
  • It terrein wurdt klearmakke foar it dûnsfestival

Oer it dûnsfestival Psy-Fi yn it Griene Stjergebiet yn Ljouwert binne sa'n 150 meldings binnenkaam. De measte klachten giene oer it lûd, mar der wiene ek minsken dy't it misbrûk fan it natoergebiet fûnen. It festival duorre 5 dagen en wie 24 oeren deis oan de gong. De klachten oer it lûd kamen foaral út omlizzende doarpen as Tytsjerk en Hurdegaryp, mar ek út de Ljouwerter wiken Camminghabuorren en Suderbuorren.

De organisaasje en de gemeente Ljouwert binne tefreden oer it ferrin fan it festival.

Der wiene 12.000 besikers út 48 ferskillende lannen. De kâns bestiet dat Psy-Fi takom jier wer nei de Griene Stjer komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)