150 flechtlingen ite gesellich mei amtners op provinsjehûs

31 mrt 2016 - 20:35

De Meet & Eat foar flechtlingen en amtners fan de provinsje is útrûn op in sukses. Yn de kantine fan it provinsjehûs hawwe 150 flechtlingen fan Heliconstate geniete fan pasta, pyk mei rys en couscoussalade. Ek de oranjekoeke wie populêr.

It iten wie makke troch de fyftich amtners dy't har oanmeld hiene foar it diner. Dy fyftich plakken wiene yn in oere fersein. De aksje waard opset troch fjouwer trainees fan provinsje Fryslân. Oft der in ferfolch komt is noch net wis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)