150 banen fuort by Oranjewoud

11 jun 2003 - 00:00

Yngenieurs- en advysburo Oranjewoud op It Hearrenfean skrast dit jier 150 fan de goed 1900 banen. Dat betsjut nei alle gedachten dat der twongen ûntslaggen falle. Wurdfierder Hellinga fan Oranjewoud hat dat woansdei bekend makke.

Oranjewoud hie yn it earste healjier fan 2002 noch in omsetstiging fan 1,8%. Yn de twadde helte gong it stikken minder. Ek dit jier hat it buro minder omset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)