15 'Pypskoften' iepene yn De Frije Wiken

27 jun 2015 - 15:06
  • Der binne no 15 Pypskoftplakken yn de streek beskikber....
  • Yn de streek leit in wiidweidich netwurk oan kuier- en fytsrûtes
  • De flagge fan De Frije Wiken

In nij kuiernetwurk mei fyftjin rêstplakken foar fytsers en kuierders is freed feestlik yn gebrûk naam yn regio 'De Frije Wiken'. Dit is it gebiet tusken rûchwei It Hearrenfean en Donkerbroek. It kuiernetwurk slút oan by dat fan Oranjewâld-Ketlik en is sa ek ûnderdiel fan it provinsjaal Frysk kuiernetwurk.

Oan de rûte kinne passanten op fytjin plakken delstrike by saneamde 'Pypskoften'. Dat binne rêstplakken by partikulieren, boeren of lytse kempings dêr't picknicktafels steane.

De passanten kinne dêr in bakje kofje krije en gebrûk meitsje fan it húske. Foar dy foarsjennings betellet de gebrûker allinnich in frijwillige bydrage.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)