15 minsken fan boaten ôfhelle

16 jun 2013 - 09:25

De rêdingsboat fan Skiersmûntseach hat sneontemiddei 15 opfarrenden fan twa rubberboaten ôfhelle en nei de haven fan Lauwerseach brocht. Se wiene fan de Eemshaven ûnderweis nei Skiermûntseach, doe't de motoaren fan beide boaten útfoelen. Se warskôgen de helptsjinsten. De opfarrenden hiene it tige kâld. Twa fan har rekken sa ûnderkuolle, dat se nei it sikehûs moasten. De twa binne fanút Lauwerseach mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De oaren koene nei hûs neidat se wer wat opwaarme wiene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)