15-jierrich famke út Dearsum fermist

07 jul 2015 - 14:36

De plysje is op syk nei de 15-jierrige Anna Weidema út Dearsum. Sy is sûnt tiisdei fermist. Op it momint dat se ferdwûn hie Anna in read learen jaske oan, in koarte spikerbroek en wite slippers mei tigerprint.

Ek hie se in grize rêchtas by har. Fierder hat Anna blond hier, blauwe eagen en is se sa'n 1,80 meter lang. Yn har hals hat se in opfallende "moedervlek".

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)