15 jier foar moard Heijltjes

14 nov 2013 - 13:44

De rjochter yn Ljouwert hat in 33-jierrige man fan De Fochtel fyftjin jier selstraf en tbs oplein foar it ombringen fan Marijke Heijltjes út Easterwâlde. Dat is neffens de eask. De frou waard ferline jier septimber yn har wenning om it libben brocht. De man út De Fochtel hat har mei meardere messtekken deade.

De moard kaam oan it ljocht doe't de man oanholden waard by in oerfal yn Easterwâlde. Dêrby brûkte hy itselde mes as by frou Heijltjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)