15 jier easke tsjin Sinees Xin L

17 jun 2003 - 00:00

De offisier fan Justysje hat tiisdei yn de Ljouwerter rjochtbank 15 jier selstraf easke tsjin de fan moard fertochte Sinees Xin L. Neffens offisier fan Justysje De Graaf is it wis dat de fertochte (21) op 18 of 19 septimber 2002 de Tenzin Gyele(45) út Tibet yn it azc fan Burgum fermoarde hat.

Op 24 septimber waarden yn de jachthaven fan Burgum de holle en romp fan Gyele fûn. 4 dagen letter de skonk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)