Lichte foarkar foar Samsom

11 sep 2012 - 15:11

31% fan de kiezers yn Fryslân wol dat Samsom (PvdA) de nije premier fan Nederlân wurdt. Dat docht bliken út in opinypeiling fan Omrop Fryslân en Een Vandaag. Samsom skoart krekt wat better as VVD'er Rutte (27%). De Fryske listlûker Sybrand Buma (CDA) hat de foarkar fan 6%. 59% fan 'e Friezen fynt Samsom geskikt as kandidaat-premier, 36% fynt him ûngeskikt.

Yn it ûndersyk is ek frege nei watfoar koälysje der komme moatte soe. 43% fan de Friezen jout de foarkar oan in middenkoälysje, 34% hat leaver in linkse koälysje, 19% in rjochtse.

PvdA Twadde Keamerlid Lutz Jacobi is wiis mei de stipe foar Samsom. Neffens har jout de peiling ek oan dat de ferkiezings fan woansdei in nekke-oan-nekke race wurde tusken de VVD en de PvdA. VVD-Twadde Keamerlid Anne-Wil Lucas makket har net drok oer de peiling. 'Fryslân is no ienkear wat reader as Nederlân. Wy dogge hurd ús bêst om Fryslân wat liberaler te meitsjen.' Twadde Keamerlid Sander de Rouwe (CDA) tinkt dat it CDA woansdei wolris better skoare kin as yn de peilingen. 'Wy wite fansels al langer dat Buma no net yn 'e beneaming is om premier te wurden. As je dan dochs noch 6% skoare is dan lang net raar', sa seit De Rouwe.

Neffens de dielnimmers oan de opinypeiling is Diederik Samsom mei 70% fan de stimmen fierwei de bêste kampanjefierder fan alle listlûker, op respektabele ôfstân folge troch Mark Rutte (28%), Alexander Pechtold (23%) en Emile Roemer (ek 23%).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)