Publyksbalys earder ticht

11 sep 2012 - 14:16

De publyksbalys yn it gemeentehûs fan Drachten binne tongersdei fan twa oere ôf ticht. Dat wurdt dien fanwege de ynstallaasje fan Tjeerd van Bekkum as nije boargemaster fan Smellingerlân. De gemeente ferwachtet dat in soad minsken by de byienkomst wêze sille. Dêrtroch is der gjin romte mear om noch by de balys yn de sintrale hal te kommen.

De jûnsiepenstelling fan de gemeentlike tsjinsten giet tongersdei ek net troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)