Feanspiler Amoah wer better

11 sep 2012 - 11:54

Hearrenfeanspiler Matthew Amoah traint wer mei de groep mei. Nei seis wiken fan ôfwêzigens troch in blessuere oan syn hamstring kin de Ganeeske spits no wer folslein meidwaan. Hy hopet sels kommende sneon syn debút te meitsjen yn de wedstriid tsjin ADO Den Haach.

Amoah kaam fan 't simmer oer fan de Turkske ploech Mersin Idman Yurdu, mar hy spile noch gjin inkele offisjele wedstriid foar SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)