Plysje fynt eigen fyts werom

11 sep 2012 - 11:21

In plysjeman hat moandei op 'e Skrâns yn Ljouwert syn eigen fyts weromfûn. Dy wie in pear wike ferlyn stellen út syn hok. Moandeitemiddei seach er de fyts foar in winkel stean en hy wachte oant der ien by de fyts kaam. In 45-jierrige man sûnder fêst wenplak woe de fyts meinimme.

De plysjeman hâlde him tsjin en droech him oer oan syn kollega's. Dy hawwe de man meinommen nei it plysjeburo foar ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)