Nije reklameregels yn Drachten

11 sep 2012 - 10:15
  • Drachten

Acht op de tsien gebouwen oan de wenbûlevaar Martin Luther Kingsingel yn Drachten hawwe mear reklame op de gevel as tastien. Neffens de regels mei op elk gebou ien reklame-utering stean. Mar omdat yn de measte gebouwen mear as ien bedriuw sit, kinne de bedriuwen dêrmei net út de fuotten.

B en W fan Smellingerlân wolle it reklamebelied no oanpasse. De gemeente fynt it tenei goed dat elk bedriuw in eigen reklame-utering oanbringt. Dat is neffens de gemeente goed mooglik sûnder ôfbrek te dwaan oan de romtlike kwaliteit.

De nije regels jilde net allinnich foar de meubelbûlevaar, mar ek foar kantoargebouwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)