Autodief pakt op terras

© Omrop Fryslân
In 41-jierrige man út Vlaardingen is moandei oanhâlden op fertinking fan autostellerij. Tsjûgen hiene him op de Ryksstrjitwei by Tytsjerk riden sjoen yn in Citroën dy't grutte skea hie en hie de plysje belle. Dy fûn de auto op in parkearterrein. De sjauffeur naaide gau út. Dúdlik waard dat de auto stellen wie en dat yn Dokkum tankt wie sûnder te betelje.
De plysje sette boargernet yn. Fia tsjûgen waard de auto leech oantroffen oan de Boskwei yn Readtsjerk. De bestjoerder is letter oanhâlden op in terras yn Gytsjerk.