Oerlis oer moannefisk

11 sep 2012 - 09:50

It natuermuseum fan It Amelân is der noch net oer út wat der mei de nije moannefisk barre moat. It earste doel is om him op te wouterjen. In fersoarger besiket it bist oan it iten te krijen, mar dat slagget net echt. Der is oerlis mei in natuermuseum yn Hirtshals, Denemarken, dat ek in moannefisk hat. De fisk is moandei fongen yn de Noardsee flakby it eilân. De fisker hat him nei it museum brocht.

De moannefisk komt sa no en dan yn de Noardsee foar, mar eins heart er yn súdliker streken thús.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)