Einsprint foar kampanjes

In lytse 30 persint fan de kiezers wit noch net op wa't se woansdei stimme sil. Dat docht bliken út in peiling fan Maurice de Hond. De lêste dagen wurdt noch flink kampanje fierd. Oeral yn de provinsje wiene de kandidaat-politisy moandei aktyf.
ChristenUnie-kandidate Anja Haga fan Ljouwert hold in húskeamerbyienkomst yn Drachten. Se wol sa de bân tusken kiezer en polityk waarm hâlde. De VVD wie op kroegetocht yn Ljouwert om te praten oer it hoarekabelied en de PvdA wie te finen yn Bûtenpost dêr't praat waard oer de wenningmerk.