Oplossing foar skjinmakkers

Der is in oplossing fûn foar de skjinmakkers fan it gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel. Foar ien fan de njoggen moat noch wurk fûn wurde. De oare acht kinne op oare plakken oan de slach. Wurkfoarsjenningskip Caparis en de âlde wurkjouwer Hago hawwe dêr oerienstemming oer berikt.
It berjocht dêroer kaam op itselde momint dat it fakbûn CNV aksje fierde foar de skjinmakkers. Neffens it bûn duorret it fierstente lang foar't de minsken dúdlikens hawwe oer harren takomst. It CNV sjocht de oplossing dy't der no leit as in moai begjin.
Der moatte noch wat puntsjes op de i set wurde en foar ien persoan moat noch in oplossing fûn wurde. Caparis en Hago hawwe tasein alles op alles te setten om ek harren oan in baan te helpen.