Te min hierhuzen yn Ljouwert

10 sep 2012 - 17:24

Hierdersplatfoarm Nieuw Elan liedt de needklok oer it tal sosjale hierwenningen yn Ljouwert. Ut resint ûndersyk fan de organisaasje docht bliken dat der op dit stuit in tekoart fan goed 1100 wenningen is. As der neat bart, kin dat yn 2025 oprinne nei in tekoart fan mear as 3 tûzen wenningen.

Yn 2007 is ek al earder ûndersyk dien nei it tal sosjale hierwenningen. Neffens it hierdersplatfoarm liket it der op dat yn de tuskentiid gjin ferbetteringsslach makke is.

It hierdersplatfoarm hopet dat syn rapport noch fan ynfloed wêze sil op de kommisjegearkomste fan de gemeente oer dit ûnderwerp takom wike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)