Start Kunstkade yn Ljouwert

10 sep 2012 - 14:29

De nije Ljouwerter keunstynstelling Kunstkade is snein op de Uitmarkt yn de Prinsetún offisjeel mei it wurk úteinset. De organisaasje komt yn it plak fan Parnas, dêr't de gemeente gjin subsydzje mear oan jout. De gemeente woe besparje op kultuer en in oare oanpak.

De keunstedukaasje moat folle mear de stedswiken yn, sei wethâlder Diks, nei de minsken en foaral de skoalbern ta. Dat bart troch tsien keunstcoaches. Parnas siet fanwege al dy kursussen yn in grut gebou oan it Gouverneursplein.

Kunstkade docht it oars en kin it dwaan mei in lytser optrekje oan it Skavernek yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)