Soad bromfytsers op 'e bon
Trije bromfytsers binne by in kontrôle yn Ljouwert har rydbewiis kwytrekke omdat se mei te folle drank op rieden. Fyftjin bestjoerders binne bekeurd omdat se gjin rydbewiis hiene. En yn fjouwer gefallen rieden brommers te hurd. Der binne ek bekeurings útskreaun foar oare ferkearsoertrêdings.