Grien Deal foar nije projekten

10 sep 2012 - 12:09

De útfiering fan nije projekten rint faak fertraging op troch wetten en regels dy net hielendal by de tiid binne. Om dêr feroaring yn te bringen hawwe alle Fryske gemeenten, de provinsje, it Ryk, Wetterskipe Fryslân, Vitens en Wetsus moandei in Grien Deal sletten.

Alle partijen sizze ta de regels safolle mooglik op nije inisjativen op it mêd fan wetter en wettergebrûk oan te passen, sadat projekten makliker útfierd wurde kinne. Neffens steatssekretaris Joop Atsma sil dy oerienkomst op koarte termyn 12 miljoen euro opsmite.

It giet om plannen dy't liede ta minder gebrûk fan wetter, mar ek om bygelyks oare suveringsmetoaden. Sa soe enerzjy helle wurde kinne út urine. Dan moat de urine net fia it rioel nei de wettersuveringsynstallaasje ta. De húskes moatte dan oansletten wurde op in apart systeem. In oar grut foardiel fan dat systeem is dat urine dan net mear yn it oerflakte wetter terjochte komt.

De provinsje Fryslân stekt in miljoen euro yn de Grien Diel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)