Moannefisk út Noardsee opskept

10 sep 2012 - 11:36
  • moannefisk
  • Moannefisk

Helmer Brouwer hat snein mei in boadskippetas in bysûndere moannefisk út it wetter fan de Noardsee by It Amelân skept. Brouwer wie mei syn freondinne te farren doe't se de 80 sintimeter lange fisk oan de oerflakte seagen. Meiwurkers fan it Amelanner natuermuseum hawwe de fisk yn in grutte bak mei wetter meinaam nei it museum. Dêr wurdt besocht de fisk yn libben te hâlden.

It is foar it earst dat in noch libbene moannefisk fongen wurdt. Earder is twa kear in deade moannefisk op it eilân oanspield. De fisken kinne wol 1,5 meter wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)