Melkfeehâlders yn problemen

Melkfeehâlders komme hieltiid faker yn grutte finansjele problemen. Rekkens bliuwe lizzen en yn guon gefallen driget fallisemint. Reden is de lege molkpriis en de hege priis fan disel en it fretten foar de bisten.
It Nederlânsk Melkfeehâlders Fakbûn liedt de needklok en wol dat it regear de saneamde taslachrjochten earder útbetellet. Sa kin de akute jildkrapte oplost wurde.