Súksesfol Monumintewykein

'Groen van toen'. Dat wie it tema fan de lanlike Iepen Monumintedei dy't it wykein holden waard. Under oare troch it prachtige waar is it evenemint in grut sukses wurden. Oeral yn de Fryslân wienen aktiviteiten organisearre dy't mei tunen en lânskip te krijen hawwe.
De kommisje yn Frjentsjer hie ynfolling oan it tema jûn troch it útsetten fan in fytstocht troch it lânskip om Frjentsjer en in stedskuier troch it sintrum, mei as doel om de stedstunen achter de wenten te besjen. Dy wienen spesjaal foar dizze gelegenheid iepensteld.