Frou fervet guod buorman read

Boeien © ANP XTRA
In 52-jierrige frou út De Falom is sneintemoarn betiid oanholden foar fernieling. It slachtoffer, in 26-jierrige ynwenner fan De Falom, kaam thús nei in jûntsje stappen. Doe't er seach dat syn túnmeubels mei reade ferve besmard wiene, belle er de plysje. Dy gie nei syn 52-jierrige buorfrou dêr't it slachtoffer spul mei hat. De frou hie reade ferveplakken op 'e klean en yn in sleat achter har hûs fûn de plysje in blik mei reade ferve. De fertochte is ynsletten op it plysjeburo. Tsjin har is proses-ferbaal opmakke.