Auto 11-stêdepeddeler stellen

09 sep 2012 - 15:50

In Deenske alvestêde-peddeler is ôfrûne wike yn Ljouwert bestellen fan syn auto. De blauwe folkswein Sharan mei it Deenske kenteken XT-55378 stie op in parkearplak oan de Heliconwei en wie dêr 4 septimber delset. De eigener, in 19-jierrige Deen, die fiif dagen mei oan de Stand-Up Paddle alvestêdetocht. Doe't er sneontemiddei wer by it parkearplak kaam, wie syn auto fuort. It slachtoffer hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Alvestêdetocht peddeler
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)