Strjitrôver yn Ljouwert pakt

09 sep 2012 - 14:59

Tsjûgen fan in strjitrôf hawwe sneontemiddei yn Ljouwert in 37-jierrige man út Sint Jansgea oanholden. In frou fan 51 jier út Ljouwert rûn oer de Wurdumerdyk doe't de man neist har rinnen kaam en har tas fan it skouder luts. De frou begûn te razen, wêrop't omstanners de man beetpakten en him oerdroegen oan de plysje. De fertochte hie in mes by him. Hy is fêstset op it buro.

Trefwurden: 
strjitrôf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)