'Gaslieding net djip genôch'

09 sep 2012 - 14:28

It gaslek sneontejûn yn Kimswert koe ûntstean trochdat de gaslieding fan de Gasunie net djip genôch lei. Dat seit de boer dy't de haadlieding stikken luts doe't er yn in stik lân krekt bûten it doarp dwaande wie mei graafwurksumheden. It gas spuite fuortdalik mei krêft de loft yn. De boer warskôge de plysje dy't dalik in tal strjitten yn Kimswert tydlik ôfsette.

Ynwenners krigen it advys om ruten en doarren ticht te hâlden en net te smoken of te barbecuen. Der hat gjin gefaar west foar de omwenners. Snein is de boel reparearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)