Ariëns pakt syn 3e Inline Cup

09 sep 2012 - 14:26

Skeelerneur Crispijn Ariëns fan Wolvegea is winner wurden fan de KPN Inline Cup 2012. Lykas yn 2009 en 2010 behelle Ariëns fierwei de measte punten ferdield oer 11 wedstriden. Yn it einklassemint kaam er út op in puntetotaal fan mar leafst 316,2. It twadde plak wie foar Rick Smit mei 229 punten, folge troch Niels Mesu (210).

By de froulju pakte Margo van de Merwe fan Wolvegea it sulver yn it einklassemint. Van de Merwe kaam mei in puntetotaal fan 265 net yn 'e buert fan einwinnares Hilde Goovaerts. De Belgise skeelere 371,2 punten byinoar.

Yn Rijssen waard sneon de alfde en lêste etappe ferriden. De winst by de manlju wie foar Koen Verweij út Alkmaar. By de froulju gong de oerwinning nei Brooke Lochland, wenjend op It Hearrenfean.

Ariëns stie yn Rijssen net oan 'e start, om't er meidocht oan it WK skeelerjen yn Italië. Dêr hat er him pleatst foar de finale fan de punte-ôffalkoers, dy't sneintejûn ferriden wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)