Man bedriget frou mei de dea

© Omrop Fryslân
In 25-jierrige Hearrenfeanster is sneontejûn oppakt yn syn wenplak op fertinking fan bedriging. De man bedrige in 23-jierrige doarpsgenoate telefoanysk mei de dea en gie dêrnei nei har hûs. Dêr waard er oanholden troch de plysje dy't yntusken warskôge wie.
De problemen tusken de man de de frou lizze yn de relasjonele sfear. It slachtoffer hat oanjefte dien. De man waard meinommen nei it buro. Tsjin him is proses-ferbaal opmakke.