Spesjale kuiertocht Harns

Der komt in spesjale kuiertocht fanwege de nije kuierpromenade op de wetterkearing yn Harns. De wetterkearing wie al earder klear, dy is ferhege en ferbettere. De oanlis fan de promenade rûn fertraging op, ûnder oare trochdat de fabrikant dy't de ballustrades leverje moast fallyt gie.
No't alle wurksumheden klear binne, organisearje de gemeente Harns, Wetterskip Fryslân en de Harlinger Courant de Droge Voetenloop. Dy wurdt holden op 27 septimber.