Grut gaslek yn Kimswert

By Kimswert is sneontejûn in grut gaslek ûntstien. In boer wie oan de Streek, krekt bûten it doarp, dwaande mei graafwurksumheden en rekke dêrby in haadlieding fan de Gasunie. It gas spuite mei flinke krêft de loft yn. De boer warskôge de plysje. Dy hat in tal strjitten yn Kimswert tydlik ôfsetten. Ynwenners krigen it advys om ruten en doarren ticht te hâlden en net te smoken of te barbecuen. Ballonfarders waarden warskôge om net oer it gebiet te fleanen. De brânwachtkorpsen fan Harns en Boalsert hawwe mjittings dien nei de gaskonsintraasje.
Der hat gjin gefaar west foar de omwenners. De Gasunie hat de stikkene gaslieding op trije plakken ôfsletten. Snein wurdt de boel reparearre.