LDODK ferliest fan DVO

De kuorballers fan LDODK ha sneon de twadde wedstriid mei 17-13 ferlern fan DVO. Yn Bennekom liet de ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool it benammen lizze yn de ôfrûning. Ek ferdigenjend ûntbruts it de kuorballers út De Gordyk en Terwispel oan skerpte.
Oranjespilers Erwin Zwart en Sieta Bijker sieten lykas foarige wike op 'e bank. Sy traine yn de fjildkompetysje net mei by LDODK, fanwege it swiere trainingsprogramma fan Jong Oranje.
LDODK begjint de fjildkompetysje teloarstellend. Foarige wike waard de earste wedstriid mei 16-15 ferlern.