De Zwart wint Paddle 11stêden

© Omrop Fryslân, Auke Wietze Bosma
Bart de Zwart hat sneon de fjirde edysje fan de stand-up-paddle-alvestêdetocht wûn. Op de slotdei wist hy de Deen Casper Steinfath en de Eastenriker Peter Bartl foar te bliuwen. Zwart die der yn totaal 23 oeren en 42 minuten oer om steande op in surfplanke de Fryske alve stêden bydel te peddeljen.
By de froulju gong de titel nei Laura Quetglas út Spanje. Sy notearre in eintiid fan 26 oeren en 59 minuten. Twadde waard Friezinne om utens Anne-Marie Reichman, foar har lângenoate April Zilg. Reichman wennet op Hawai.
Finn-siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple sette by de rekreaasjedielnimmers in totaaltiid fan 26.55.05 del.
De stand-up-paddle-alvestêdetocht mei sa'n 160 dielnimmers startte tiisdei 4 septimber yn de Prinsetún. De dielnimmers peddelen steande op in surfplanke yn fiif dagen tiid de Fryske alve stêden bydel.