Opnij 2-0 ferlies Harkiten

08 sep 2012 - 16:29
  • Willem Brouwer

Harkemase Boys hat sneon mei 2-0 ferlern fan Staphorst. In soad balferlies en net sekuer spul soarge derfoar dat de Boys de earste helte amper gefaarlik wurde koenen. Staphorst wie de bettere ploech en bekroande dat nei in healoere spyljen mei de earste treffer.

Nei it skoft gongen de Boys op syk nei de lykmakker. Ynfaller Heine Uuldriks wie ticht by de 1-1, mar seach syn kopbal op de fûsten fan de keeper belânjen. Ek it skot fan Klaas Schotanus waard keard. Yn ekstra tiid tekene Staphorst foar de einstân.

Nei it 2-0 ferlies tsjin ACV ferline wike betsjut dizze ferliespartij opnij in domper foar de Harkiten. Nije wike giet de ploech fan trainer Willem Brouwer op besite by Nunspeet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)